Offline silkaart foar de Fryske wetters
De hiele Fryske farwetters — marren, Waadsee en IJsselmarkust — wurkje sûnder ynternet nei ien kear downloaden.
Dyn GPS-posysje op 'e kaart. Dyn lokaasje bliuwt op dyn tastel en wurdt nea ferstjoerd of bewarre.
Ynkleure djiptesônes en djiptesifers, basearre op mjittingen fan Provinsje Fryslân.
Brêgen, slûzen en harren betsjinningstiden — sa witsto wêr't en wannear'tst dertroch kinst.
Boeien en beakens (ynklusyf ljochtkarakter), jachthavens en Marrekrite-oanlisplakken.
Gjin akkount, gjin abonnemint, gjin advertinsjes en gjin tracking. Punt.
Tink derom: FriesNav is in helpmiddel foar de rekreative fart en mei net as iennichste navigaasjemiddel brûkt wurde. Rieplachtsje altyd offisjele seekaarten, aktuele berjochten oan seefarrenden en dyn eigen fisuele warnimming.